Fort Riley

Fort Riley
militêre basis
It haadkertier fan Fort Riley.
It haadkertier fan Fort Riley.
algemiene ynformaasje
type basis legerbasis
besit fan Amerikaanske Leger
ôfdieling Am. 1e Ynfanterydifyzje
stifting 1853
geografy
lân Feriene Steaten
steat Kansas
county Riley en Geary
oerflak basis 411,7 km²
hichte 399 m
koördinaten 39°5′18″ N 96°48′51″ W
neiste plak Junction City
oar
tiidsône UTC –6
simmertiid UTC –5
webside www.riley.army.mil
kaart
Fort Riley (Kansas)
Fort Riley
Lokaasje yn Kansas.

Fort Riley is in basis fan it Amerikaanske Leger yn it noardeastlike part fan 'e Amerikaanske steat Kansas, dy't oan 'e rivier de Kansas leit, tusken de plakken Junction City en Manhattan yn. De basis beslacht in oerflak fan 407 km² yn Geary County en Riley County, en omfiemet twa doarpen (census-designated places): Fort Riley-Camp Whiteside en Fort Riley North, dat ek wol Custer Hill neamd wurdt. Oerdeis hat de basis in befolking fan krapoan 25.000 minsken, dy't lykwols net allegear ek op it terrein fan 'e basis wenje, sadat de befolking nachts lytser is.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy